Een nieuwe kijk op ouder worden

Praat – fanút jo eigen hûs – mei leeftydsgenoaten oer it libben, dat ynienen sa oars wurden is.

Hoe giet it mei jo?

Fan gedachten wikselje en elkoar in bytsje op ‘e hichte hâlde. Hoe is it om noch minder as oars te witten hoe’t de takomst derút sjocht? Wat hâldt jo dwaande?

Sa wurket it:

We ha in telefoanysk groepsgesprek ûnder lieding fan in betûfte gesprekslieder. Alle gesprekken ha ûngefear 6 dielnimmers.

“Ik wie ferbjustere troch de ferhalen. Het rekket my dwers troch alles hinne. It is sa moai, sa’n petear.”

– Froukje (70)

Alle gesprekken ha in oar tema. Dat kin fan alles wêze: hope, eangst, thús, freonskipfamyljelangstme. Jo kieze sels wat jo it measte oansprekt.

It iene momint kin it serieus wêze, it oare momint fleurich en licht. Der is gjin ‘dresskoade’ en jo kinne safolle koekjes by de kofje nimme as jo sels wolle! Want… we sjogge elkoar net, mar we hearre elkoar des te better.

Jo kinne meidwaan mei elke soart telefoan.

Oanmelde is ienfâldich

Jou jo hjir op foar in gesprek en folje ûnderoan jo gegevens yn. It wiist him fansels. As jo gjin ynternet of mail hawwe, kinne jo ek telefoanysk registrearje fia 06 – 17 17 62 82.

Wolle jo meidwaan oan in Nederlânsk gesprek? Dat is fansels ek mooglik. Jo fine se hjir.

* fjilden mei in stjerke (*) binne ferplichte. Fansels behannelje wy jo gegevens mei soarch. Us privacyferklearring beskriuwt hoe’t wy dit dogge.

Blijf UP de hoogte!